Conform de wetgeving bescherming van persoonsgegevens bieden wij jou ons Privacy & Cookie beleid aan. Dit beleid geldt voor alle services die wij als bedrijf verlenen.

Ik accepteer de privacyvoorwaarden

It ald Fabryk

It ald Fabryk

Earder as iere hoannen kraaiden, skaaiden se al troch de sitadel fan tsiis, bûter, molke; tsjispeljend yn wite toga’s, de fuotten djip yn learzen, op glêde tegeltsjeflierren.

Tsizen, tsiis oan tsiis yn’e holten fan oerdwêrs lizzende grenehouten harpen, omjoun fan weeë geuren, dy’t sa djip yn it tinzen sieten, as de skoarstien mei de kopertrie heech wie.

Efter monumintale muorankers besmûsden, beslisten en besletten bestjûr en boeren mei in hânfol cartes blanches op’e nútehouten tafel oer wrotters yn wite en blauwe kielen.

En opsternatens, opstutsen fûsten tsjin de hûnske molkrider,dy’t as in fuotbaltrainer mei syn klaaikeamergebâlt syn switasemjende hynder mei it fjûr út de hoefizers de brêge oer skreauwde.

Lange leidingen wrongen har as hjitte ieren troch de doalhôf fan muorren nei it izeren hert fan de stiennen mem,wer swartbestode bodders de fjurrige bekken yn rûne tsjettels

fuorren mei it swarte goud út djip lizzende tsjalken.

Fretterige stienkoalferswolgjende bekken, weryn glinsterjende koal ferjiske op in alter fan fûnkeljende fjoertongen.

K. Schippers

* Schippers schreef samen met L. van der Weide 2 prachtige boeken Tusken Tsjukemar en Tsjonger. Bij de receptie zijn nog enkele exemplaren verkrijgbaar.